Fernijde staveringshifker yn Drinte

snein 15 april 2012

BEILEN – Freed 27 jannewaris ll. is de Drèentse spellingnaokieker ferskynd. It is de twadde staveringshifker yn de jonge skiednis fan de pc dy’t skriuwers fan it Drintsk ta har foldwaan krije. Deputearre Munniksma naam de earste stick oan en stelde dy mei yn wurking.

In presintaasjemiddei op it provinsjehûs yn Assen mei eigenkomponearre Drintske lietsjes fan Ineke de Jong der omhinne waard koart ynlaat troch direkteur Germs fan it Huus van de Taol,  it ynstitút foar de streektalen fan Drinte yn Beilen. Streektaalman Darwinkel joech in oersjoch fan de Drintske staveringsskiednis en die it offisjele oerlangjen oan de deputearre. Dêrop hold pref. R. van Hout, heechlearaar tapaste taalwittenskip en fariaasjelinguïstyk yn Nimwegen, in lêzing oer streektaal en multymedia. Ta beslút joegen de sprekkers mei-inoar in demonstraasje fan de nije staveringshifker.

Lykas Fryslân ken Drinte in steatestavering. Nei in proeftiid mei in priuwke fan hânlieding yn in boekje hawwe provinsjale steaten yn 1987 de útarbeide regeling autorisearre Drentse spelling; een handleiding voor de schrijfwijze van de streektaal. It wie in publikaasje yn pocketfoarm fan de doetiidske kultuerried Het Drents Genootschap, en Het Drentse Boek yn Beilen jout it noch altiten út. De “ienheidsspelling” is sadanich opset, dat alle dialektfarianten yn Drinte dy brûke kinne sûnder dat hja ta in ienheidstaal twongen wurde.

As jo Drintsk op de pc skreaunen, koenen jo fan 1994 ôf by ferlet in staveringshifker op diskette oantuge. Sintrum Drentse Taol – nei fúzje no it gruttere Huus van de Taol – hie de Spellingcontrole Drents WP 5.1 ûntwikkele. Mei’t der njonken de âldere “Drenthecursussen” (yn regionale farianten) yntinsive “Drentse spellingscursussen” út ein gongen binne, kaam der ek in wakkeren fraach nei in hjoeddeisk digitaal helpmiddel foar it tekstferwurkjen. Langer brûke de measten Wurd of in ôflieding derfan, dat it waard tiid en kom mei in gaadlike staveringshifker, en wol op USB-stick.

De checker tsjut ûnder it typen ôfwikings en flaters yn de stavering oan en jout ferbetterútstellen. As de skriuwer op ynternet oansletten is, kin er as de Drèentse spellingnaokieker oanstiet, ek ynspiraasje en alternativen út it grutte Woordenboek van de Drentse Dialecten opdwaan. In keppeling (link) lit him streekrjocht “on line” ta it wurdboek yn. De noarm foar de skriuwwize bliuwt yn alle gefallen de boppeneamde hânlieding wêrneffens’t de wurdlist fan de stick gearstald woarn is.

De Drintske staveringshifker jildt € 10,=; te bestellen by it Huus van de Taol, 0593 37 10 10, <info@huusvandetaol.nl >.

7 reaksjes op “Fernijde staveringshifker yn Drinte”


  1. Njirre
    17 april 2012 09:03

    Fan wikipedia:

    Een voorbeeld van Drents zoals dat in Ruinen gesproken wordt:
    iene, tweie, dreie, vere, vieve, zesse, zeuven (zeum), achte, negen (neeng), tiene.
    Vergelijk dit met het Noordenvelds:
    ain, twai, drai, vaier, vief, zes, zeum, aacht, neegn, tien.

    Meitsje no mar in gaadlike staveringshifker.


  2. H. Minus
    18 april 2012 00:28

    Gjin inkelde swierrichheid!
    De Drintske staveringshifker is yn wêzen in ûnbidigen wurdlist dy’t basearre is op de staveringsregeling fan 1978.
    Dy ken sadwaande alle regionale farianten yn Drinte werom, bgl. ‘fjouwer’ = vier, viere, veer, vere, veier, vaier, vare; ‘ien’ = ien, iene, een, ene, eein, ein, ain, aine.
    Hy wol gjin tekst-, taal- of grammatikahifker wêze!
    De skriuwer beskiedt sels hokke grutte ûnsin hy op in rychje set – sûnder dat er warskôge wurdt. Dat is by oare “spellingcheckers” net oars. (‘t Is nammers wol in bytsje in taalhelp; troch in link komme jo by synonimen ensfh. yn it grutte wurdboek.)
    (A propos Noordenvelds; wat jo dêr oanhelje, is in flater. Yn alle gefal binne de earste fjouwer telwurden der net hiem; dy sitte yn Súdlaren en de (eastlike) feankoloanjes. Fierder doocht der de stavering net fan /zeum/ en /neegn/. Dat tsjut op de útspraak en is net de ôfprate skriuwwize; ferlykje mar mei it Ruunders: dat hat likernôch deselde útspraak “fonetysk” oantsjut tusken skrapkes derby te stean.
    Hoeden bliuwe: Wikipedia syn wittenskip is der wol faker by troch.)
    Minus


  3. Njirre
    19 april 2012 11:36

    Ik haw it allinne fan wikipedia helle, it probleem fan’e fariaasjes bliuwt lykwols. Sa bin ik benijd, hoe’t it mei it “Nedersaksysk” yn bygelyks Amersfoort gean sil as dy status trochgiet en is it “Eemlands” wol nedersaksysk?


  4. H. Minus
    21 april 2012 01:05

    Wat hâldt “it probleem fan ’e fariaasjes” yn de goedichheid yn?
    - Slacht dat op stavering? Eltsenien kin syn eigen streekfariant fan it Drintsk brûke yn boek, krante, tydskrift. Ik skriuw bgl. Súdwestdrintsk oan it Huus fan de Taol. De iene streektaalfunksjonaris antwurdet yn it Noordenvelds, de oar yn Súdeastdrintsk. Wy soenen inoars stavering ferbetterje kinne neffens de offisjele regels fan 1978, sûnder de yndividuele taal te feroarjen. Der is gjin noarmtaal, gjin Standertdrintsk. De literêre produksje ken alinne mar farianten.
    Grinslân, Stellingwerf, N.W.-Oerisel, Sallân, Twinte, East-Feluwe en Achterhoeke hawwe allegearre in eigen staveringsregeling yn details. Yn grutte halen binne de regels uniformearre yn it oerlisplatfoarm fan SONT (federaasje Streektaalorganisaties in het Nedersaksische Taalgebied) sûnt 2001. In ienheidstaal, Standertnedersaksysk, bestiet net.
    De Leechdútske (Nedersaksyske) streektalen folgje meastepart de stavering fan it Fehrs-Gilde (1956), dy’t yn 2002 noch oanpast is en gebrûk makket fan it Dútske abeecee.
    Yn 1953 is der foar de beide grutte Nedersaksyske taalgebieten de ynternasjonale “Vosbergenspelling” ûntwurpen, mar dy wurdt suver net mear tapast.
    - Slacht dat op taal? Wat is “it probleem” dan?
    “As dy status trochgiet…”: bedoele jo: as de besteande erkenning ûnder it Hânfest Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa wiziget fan II yn III? (Yn de jierren 90 hat de Dútske kant “status” III krigen, en it Nedersaksysk te uzes II.)
    Hoesa Amersfoort? Dat sil der net oars fan wurde, dat leit bûten it taalgebiet. Mar de boppeneamde regio’s kinne ûnder “status” III fia de gearwurkjende provinsjebestjoeren finansjele boarnen yn Straatsburch oanboarje. En dan sille wy wat mear streektaalprojekten en -aktiviteiten belibje.
    “Eemlands”: bedoele jo Eemslands? Oars sitte wy wer by Amersfoort…
    It Eemslands beëasten Grinslân en Drinte is yndie in Nedersaksyske fariant dy’t op de dialektekaart ûnder it Westniederdeutsch beflapt wurdt. It Drintsk fan û.o. Nieuw Dordrecht, Bargeroosterveld en Barger Compascuum is der sterk besibbe mei.
    Minus


  5. Njirre
    21 april 2012 19:33

    H.Minus, ik bedoel “Eemlands”, it dialekt fan’e omkriten fan Amersfoort. Is dat Nedersaksysk of net? It is mar in fraach, mar wol wichtich as it om de status fan it Nedersaksysk giet.


  6. H. Minus
    24 april 2012 20:35

    Falt it Eemlands ûnder it Nedersaksysk?
    - Lêstich te sizzen fan wat as it in mingtaal oanheart. De West-Feluwe en de Gelderske Fallei foarmje om sa te sizzen de útrinners fan it ferspriedingsgebiet fan Nedersaksyske taalskaaimerken. Guont fan dy ferskynsels sitte ek noch oer de Utertske grins, sadat it eastlike Eemland dialektologysk gauris ta de Feeljekant rekkene wurdt, dat al.
    It ûnfersniene Nedersaksysk hâldt lykwols oan ’e westkant fan Apeldoorn op, dat yn dizze kontreinen ha wy mei in kloft oergongsdialekten tusken it Saksysk en it Frankysk (û.o. Hollânsk) te krijen. As ik myn sin sis, hat it Eemlands krekt wat te min eastelike karakteristiken en neam it Nedersaksysk.
    - As de Nedersaksyske ”erkenningsstatus” ris feroaret (fan II nei III), sjoch ik it Eemlands derby troch reitsjen. De “bestuurlijke werkgroep Nedersaksisch” – platfoarm fan regionale oerheidsfertjintwurdigers en SONT, dy’t by De Haach op in Europeeske oanfraach oanstiet – hat Utert nei myn witten gjin sit yn.
    - Mar hoe binne wy no fan de Drintske staveringshifker hielendal yn Eemland bedarre..?
    Minus


  7. Njirre
    25 april 2012 09:16

    Om’t troch wurden as “Drintsk” of “Nedersaksysk” gau in begrypsbetizing ûntstean kin. Wat bedoele wy dermei, bestean se überhaupt wol en sa ja, wêr lizze dan de grinzen? Nim bygelyks in Drintske staveringshifker. It is in bytsje as in Fryske staveringshifker, dy’t stoppet by de provinsjegrins. De Frysktaligen út de Grinzer Pein brûke dan de Grinzer staveringshifker en dy dy Grinzer staveringshifker wurde ek de Fryske wurden as “fariaasje” opnommen. Myn stelling bliuwt, yn Drinte wurde dialekten sprutsen, mar d’er bestiet gjin Drintsk. En sa is it ek mei dat “Nedersaksysk”. Yn Dútslân is it yn fergeliking mei it Heechdútsk in oare taal, mar om yn Nederlân in taalgrins yn Nederlânsk (=it Leechdútsk) te lûken tusken Frankyske en Saksyske dialekten is ûnmooglik en ûnsin.It is in kontinuum. Myn stelling is: de “taal” fan’e Nedersaksen wurdt al ieuwenlang brûkt yn it ûnderwiis en op skoallen ensfh. en dat is it Nederlânsk en litte se har drok meitsje oer de status fan dy taal yn Noarddútslân.

Mei mooglik makke troch Ynternetburo Haboes