Gjin geduld mear!

sneon 21 april 2012

De Catshûsûnderhannelings binne mislearre. Duldpartner PVV hat him ôfjûn. Geert Wilders (foto) wynt him wei foar it pakket oan besunigingsmaatregels dat op it tafelskleed fan it Catshûs leit. Neffens premier Mark Rutte lizze ferkiezings no foar de hân.

It CDA en de PVV hienen dizze wike yn it suden fan it lân al wakker spul. Yn Limburch hat it CDA de koälysje stroffelje litten. De oanlieding wie it hâlden en dragen fan de PVV foar de Turkske premier oer, dy’t op besite wie. Wilders wie poerrazend en beskuldige it CDA fan ‘âlde regintepolityk’. Yn Seelân kearde it CDA in útstel fan de PPV op om oer de Hedwigepolder in referindum te hâlden. Guon saakkundigen hienen sadwaande al foarsein dat it dit wykein misbeteare soe. It is lykwols dúdlik dat de skuld fan de brek no by Wilders leit. CDA-fraksjefoarsitter en -ûnderhanneler Sybrand van Haersma Buma: “It skip wie al yn de haven en doe hat er it te sink  brocht.” VVD-fraksjefoarsitter Stef Blok wol, foarôfgeand oan ferkiezings, noch besykje yn de Keamer stipe te krijen foar de meast driuwende besunigings. Hy nimt it Wilders bot kwea ôf dat er him no mei de hjoeddeistige ekonomyske swierrichheden ôfjout. “Ûnferantwurde nei de Nederlanners ta.” Hy kin der ek net by, om’t út de sifers fan it Sintraal Planburo no krekt bliken dien hie dat it mei de effekten fan de besunigings just in krom tafoel.  De PvdA liket gearwurking mei it – no echte – minderheidskabinet net folslein ôf te wizen.  Fraksjefoarsitter Diederik Samson: “Wy binne klear foar ferkiezings mar sille yntusken ús ferantwurdlikens nimme foar in soarchfâldige begrutting yn 2013.”

 

4 reaksjes op “Gjin geduld mear!”


  1. Jehannes Elzinga
    21 april 2012 19:03

    Wat in lok dat we dit kabinet fan stroffelskonken kwyt binne!
    Hooplik betsjut dit ek it begjin fan de ein fan Wilders syn politike karriere. Wa wol no noch gearwurkje mei dy man, dy’t net allinnich it grou yn hat op alles wat oars is, mar ek folslein ûnbetrouber blykt.


  2. Erwin2.0
    21 april 2012 21:41

    Krekt yn ekonomysk swiere tiden….


  3. wirbel
    21 april 2012 22:03

    No mar moai de âlde partijen fuort stimme; dy ha noch nea wat bestjut foar Fryslân en Nederlân is der allinich mar minder fan wurden! De PVV komt op foar Fryslân en Nederlân en bliuwt foar har kiezers stean!


  4. Erwin2.0
    23 april 2012 00:12

    Bêste Wirbel,

    As Nederlân troch de PVV syn AAA-status kwytrekket en dêr mooglik finansjeel minder fan wurdt, soesto dan ek noch sa bliid wêze mei dy partij? Fansels is it de baas om partijen oan ‘e macht te hawwen dy’t sosjaal-ekonomysk wat foar Fryslân betsjutte kinne, en dy’t it Frysk net as in ‘linkse hobby’ sjogge.

Mei mooglik makke troch Ynternetburo Haboes