Europeesk fuotbal foar Hearrenfean
moandei 7 maaie 2012
IT HEARRENFEAN – SC Hearrenfean hat mei 3-2 ferlern fan Feyenoord en is dêrmei wis fan Europeesk fuotbal. Yn it Abe Lenstra stadion waarden de taskôgers traktearre op in wier spektakelstik, wêrby’t beide ploegen tal fan prachtige kânsen krigen.
Yn de 56e minút sette Bas Dost it stadion op ‘e kop mei syn 32e treffer. Lang koe it publyk der lykwols net fan genietsje, want binnen 5 minuten sette Otman Bakkal de lykmakker op it boerd. Sekou Cissé makke de 1-2, wêrnei’t Elvis Manu de 1-3 binnenskeat. Rajiv van La Parra tekene úteinlik foar de 2-3 einstân.
Oan it begjin fan de wedstriid waard Bas Dost troch de supportersklup fan Hearrenfean útroppen ta spiler fan it seizoen. In soad supporters moasten it begjin fan de earste helte misse fanwege de lange files, feroarsake troch de strange plysjekontrôles. De plysje kontrolearre op it stasjon en by de ynfalswegen nei it Hearrenfean op tagongskaartsjes. Tsientallen Rotterdammers sûnder kaartsje waarden weromstjoerd.
(Tekst: Omrop Fryslân)








‘Standertwurdlist wurdt gaos’ (5)
Haikû (1)
‘Standertwurdlist wurdt gaos’ (5)
‘Standertwurdlist wurdt gaos’ (5)
“Frysk en Fryslân, Skiednis of Takomst” (4)
Mayatimpel weiwurden (2)
‘Standertwurdlist wurdt gaos’ (5)
Tanimmende ûnfrede oer staveringswiziging (31)