Wa wurdt neffens jo de nije lieder fan it CDA?

snein 13 maaie 2012

Hokke kandidaten soene it bêste wêze foar Fryslân?

Henk Bleker – steatssekretaris EL&I
Sybrand van Haersma Buma – Fraksjefoarsitter Twadde Keamer
Mona Keijzer – wethâlder Purmerend
Liesbeth Spies – minister fan ynlânske saken en keninkryksrelaasjes
Madeleine van Toorenburg – Lid Twadde Keamer
Marcel Wintels – Foarsitter kolleezje fan bestjoer Fontys Hegeskoalle

5 reaksjes op “Wa wurdt neffens jo de nije lieder fan it CDA?”


  1. David
    13 maaie 2012 21:15

    Ik bin foar Mona Keijzer!


  2. Sybren
    14 maaie 2012 10:17

    Mona Keijzer is in kreas frommes fan Puolmerein, mar lit de kandidaten har earst mar ris útsprekke wat se mei Fryslân wolle en hoefolle foech se Fryslân taskikke wolle. Moarn komme se hjirhinne, haw ik begrepen.


  3. Johannes
    14 maaie 2012 13:06

    Kreas is ek Sybrand van Haersma Buma. It makket my net út wa der by it CDA de foarminske/lieder wurdt. It CDA wurdt mangele tusken de CU en it PVV. It giet yn ‘e grutte delgong fuort en komt nea werom, lyk as de tsjerken ek geane. Die tiid hawwe dan ek mar wer hân.


  4. Jehannes Elzinga
    18 maaie 2012 14:01

    Wer giet it hjir om, allinnich om de kreazens fan de listlûker/lûkster? Wer bliuwt it omtinken foar it boadskip!
    Ik stim gjin CDA mar as’k dat dien hie, dan hie’k foar Haarsma Buma west, om’t hy de iennichste is dy’t Frysk prate en ferstean kin. Spitich dat Geart Benedictus him net kandidaat steld hat, dêr hie’k noch mear ferdúsje yn hân.


  5. J.Ossewaarde
    28 maaie 2012 22:24

    ik tinke as Johannes. It CDA ha tefolle sjacherje.Fryslân is gin Nederlân.Tank sij it CDA en PvdA komme hjoed de islam en de moskees. 93% fan de Islamyten yn Frankryk han stimt op Presidint Holande. Oarsom bewiis was foersstelle fan Sybrand van Haersma Buma.Gefolg tefolle dwaalwei en fersins.(internet www. Schiphol wanbeleid.nl)
    =Jacobus+

Mei mooglik makke troch Ynternetburo Haboes