Ald-premier: Frankryk hat Flaamsk ferneatige
moandei 11 juny 2012
Michel Rocard
Frankryk is it resultaat fan de gewelddiedige ferneatiging fan fiif regionale kultueren. Dat hat de eardere Frânske minister-presidint Michel Rocard yn 2005 tsjin de Amerikaanske ambassadeur yn Frankryk sein, sa docht bliken út in telegram dat op blaaiwebstee WikiLeaks ferskynd is.
Rocard wie premier fan Frankryk fan 1988-1991. No sit er foar de Frânske sosjalistyske PS yn it Europeesk Parlemint. Op 24 oktober 2005 prate er yn dy funksje mei de Amerikaanske ambassadeur Craig Stappleton. Fan dat petear is ferslach lein en dat ferslach is fia WikiLeaks buorkundich wurden. Rocard sei tsjin de Amerikaan: “De skiednis fan oare Europeeske naasjesteaten is ien fan taalgroepen dy’t harren hannelsbelangen feilich stelle woene. Frankryk hat himsels skepen troch fiif kultueren te ferneatigjen – de Bretonske, de Oksitaanske, de Elzassyske, de Korsikaanske en de Flaamske. Wy binne it iennichste folk yn Europa dat ûntstien is troch mei militêr geweld in kultureel ferskate steat te meitsjen. Dat soarget derfoar dat Frankryk sels hjoed de dei noch min te regearjen is. It ferklearret wêrom’t herfoarming yn Frankryk sa dreech geane.”
(Foto: Wikipedia / Rama)
1 reaksje op “Ald-premier: Frankryk hat Flaamsk ferneatige”
-
Rob
12 juny 2012 14:25Neffens wie er it Baskysk en Katalaansk ferjitten. En dit is allegear bûten Frankryk net ûnbekend. Mar wêromdan dochs altyd gûlygûly dwaan as der earne gjin Frânsk mear op skoalle leard wurdt mar Ingelsk? As der earne diskriminearre wurdt op taal is it wol by ús suderbuorlju. It wurdt wol stadich better, mar der binne ek net safolle praters fan minderheidstalen mear oer. Spitich, mar de minderheden moatte ek better foar harren rjochten opkomme.








Tanimmende ûnfrede oer staveringswiziging (27)
Jonkje fan 5 jier rêdt heit (1)
Tanimmende ûnfrede oer staveringswiziging (27)
Kij-goeie siswize (4)
FNP is wiis mei dûbeltalige kombuorden (11)
SW-Fryslân set Hollânsk boppe Frysk (15)
Fleantúch makke needlanning fanwege sjongende frou (1)
BetterAs kritysk oer drege rjochters (1)