Lutz op ‘e doele

freed 8 juny 2012

Lutz Jacobi

LJOUWERT – It Fryske PvdA-Keamerlid Lutz Jacobi woe hjoed it studinteprotest tsjin de ôfskaffing fan de stúdzje Frysk yn Grins stypje. Hja hie te hearren krigen dat dat wêze soe by it Akademygebou. De Grinzer studinten bedoelden dêr it Akademygebou fan de Ryksuniversiteit Grins mei, mar frou Jacobi tocht by Frysk en Akademy oan it gebou fan de Fryske Akademy yn de Doelestrjitte yn Ljouwert.

Yn dy Doelestrjitte stie hja fan ‘e middei dan ek te wachtsjen oant de oare demonstranten kamen. En dy stiene santich kilometer eastliker op har te wachtsjen. Frou Jacobi twittere noch: “Steane wy hjirre by de Fryske akademy yn ljouwert om te striiden foar de Fryske studzje….is d’r gjin ien!! @studzjeFrysk.”

1 reaksje op “Lutz op ‘e doele”


  1. Erwin2.0
    8 juny 2012 21:33

    De yntinsje wie goed….

Mei mooglik makke troch Ynternetburo Haboes