Mûbarak feroardiele

sneon 2 juny 2012

De Egyptyske âld-presidint Hosny Mûbarak (foto) is niiskrekt troch de rjochter yn Kaïro ta in libbenslange finzenisstraf feroardiele. De iepenbier oanklager hie de galge easke. De 84-jierrige Mûbarak wurdt skuldich achte oan mandéligens yn it deadwaan fan omtrint 850 demonstranten. De eardere Egyptyske minister fan ynlânske saken Habib al-Adly krige allyksa libbenslang. Mûbarak is lykwols frijsprutsen fan de oanklacht foar korrupsje, syn beide soannen Alaa and Gamal Mûbarak lyksa. Fjouwer assistinten fan Al-Adly en sakeman Hûssein Salem binne krekt-en-gelyk frijsprutsen. By einbeslút wie de rjochter frijwat mijen yn syn oardiel oer Mûbarak en Al-Adly: harren feilen soe benammen wêze dat hja it net oprêden hienen en kear it deadlike geweld fan de feilichheidstroepen tsjin de net bewapene demonstranten op. Bûten de rjochtseal waard it fonnis ynearsten fierd mei fjoerwurk, mar doe’t alle frijspraken dúdlik waarden, ûntstie der reboelje.

Sjoch foar mear ynformaasje oer de Arabyske Maitiid yn Egypte dit Nijsdossier.

Reacties zijn gesloten.

Mei mooglik makke troch Ynternetburo Haboes