Oaremoarn aksje foar stúdzje Frysk

woansdei 6 juny 2012

De feriening foar Fryske studinten FFJ Bernlef docht te witten dat de aksje foar it behâld fan de stúdzje Frysk ankom freed, 8 juny, plak hat om 14.30 oere foar it Akademygebou oan it Broerplein yn Grins. Bernlef organisearret in demonstrative ‘rouseremoanje’ tegearre mei de Fryske stúdzjeferiening Skanomodu, om’t de stúdzje troch de besunigings neffens de ferienings skielk net libbensfetber mear is.

Marrit Bloemink fan Bernlef ljochtet ta: “It plan is om de stúdzje Frysk kommend jier ûnder te bringen yn in oerkoepeljende stúdzje Europeeske Talen en Kultueren. Dat is net perfoarst hiel slim, mar de formaasje sil ek fan 3,3 fte nei 1 fte gean. Dat betsjut dat der mar ien dosint oerbliuwe kin en dy sil de hiele stúdzje fersoargje moatte, sawol de taalfeardigens as de literêre kant en it Âldfrysk. Ien dosint kin dat fansels nea oprêde, dat de kwaliteit fan de stúdzje sil drastysk efterút gean en dêrtroch sille der hieltyd minder studinten op ôfkomme. Dat sil der dan wer foar soargje dat de stúdzje noch wer minder fte’s taskikt kriget, omdat soks basearre wurdt op it oantal studinten. Troch dy besunigings kin de stúdzje dus komme te ferstjerren en dat wolle wy as studinten út Fryslân net talitte. Wy wolle dêrom in soarte fan betinkingsseremoanje hâlde mei taspraken en it dellizzen fan boeketten blommen as in foech rouboeket foar it hast weireitsjen fan de stúdzje Frysk. Wy soenen it moai fine as der safolle mooglik minsken op ôf komme.”

Der is wakker betizing oer it fuortbestean fan de stúdzje Frysk. De Ryksuniversiteit Grins sprekt tsjin dat der mar ien dosint oerbliuwe soe. En steatssiktaris Halbe Zijlstra fan ûnderwiis suggerearret dat Frysk net opgean sil yn de nije oplieding Europeeske Talen en Kultueren. Neffens Zijlstra hat de Ryksuniversiteit Grins dat by fersin nei bûten brocht. Zijlstra wol lykwols gjin garânsjes jaan foar it behâld fan de wittenskiplike oplieding Fryske taal en kultuer as de ynteresse fan studinten sa sterk benefterbliuwt as op it heden. Dat skriuwt Zijlstra oan de Earste Keamer. Ferskate Keamerfraksjes easkje klearens oer berjochten dat de oplieding ophâldt te bestean.

1 reaksje op “Oaremoarn aksje foar stúdzje Frysk”


  1. Erwin2.0
    7 juny 2012 07:59

    De stereotype Fries moat foaral sleau wêze en it grutste respekt hawwe foar Nederlân, it Nederlânsk, oranje en it keningshûs. Sokke Friezen hâlde fan Fryske tradysjes lykas fierljeppen en keatsen, en as hja in goede dei hawwe ite se dêrby noch in stik oranjekoeke. Dat byld hawwe bûtensteanders it leafst fan ús, salang’t wy mar gjin eigen miening hawwe of sels tinke is it goed.

    De betinkers fan de gemeentenamme ”Hollands Kroon” yn Westfryslân krigen foar it ivige ja-sizzen en it betinken fan dy gemeentenamme in elektryske fyts. No, en dan binne sokke minsken dy’t graach oan it stereotype foldwaan wolle alhiel út de skroeven.

    As der dan Fryske minsken binne dy’t út dy stereotype-hoeke wei wolle, dan wurde der fuort nuvere assosjaasjes makke. Ik bin benijd hoe’t de studinten har freed oppenearje wolle…. Binne it de stereotypen of de oprjochte Friezen mei in eigen miening en tinkwize. Dat lêste soe wol by studinten yn ‘t algemien passe.

Mei mooglik makke troch Ynternetburo Haboes