Opskuor om boerka yn Brussel

sneon 2 juny 2012

BRUSSEL – Yn it Brusselske Sint-Jans-Molenbeek is justerjûn in tydlik ferbod op gearboskjen ynsteld, nei’t reboeljemakkers nei it plysjeburo yn ‘e Briefdragersstraat ta setten. Oanlieding wie de arrestaasje fan in frommeske dat in plysjefrou mishannele hie.

It frommeske siet mei in saneamde nikaab oan yn in bushokje. Dat is in stik stof dat de hiele lea bedekt, in fariant op de boerka. It wurdt benammen droegen troch strang islamityske froulju. Sokke klean binne yn it Belzelân ferbean. In pear plysjes fregen de frou om har identiteitsbewiis en se droegen har op om har gesicht frij te meitsjen. It frommeske wegere dat en joech in plysjefrou in kopstjit. Dy rekke dêrby twa tosken kwyt en it noasbonkje waard har brutsen. In oare plysje rekke ek ferwûne en de frou waard úteinlik ûnder fûl ferset arrestearre en nei it plysjeburo ta brocht. Se hold oan de kopstjit in harsenskodding oer en waard nei it sikehûs ta ferfierd en letter wer frijlitten.

Doe hie se al in grut tal minsken mobilisearre, dy’t opteagen nei it plysjeburo om tsjin de arrestaasje te protestearjen. In groep jongelju, lid fan de islamityske organisaasje Sharia4Belgium, besocht om dat te bestoarmjen. De mobile ienheid moast mei kneppels yn aksje komme om it gebou te ûntsetten. Tsien minsken binne arrestearre.

2 reaksjes op “Opskuor om boerka yn Brussel”


  1. Johannes
    2 juny 2012 19:22

    Wêr ‘t de plysje harren al drok oer meitsje. Yn é wrâld binne der safolle minsken dy ‘t harren oars dan oars oanklaaie. Wannear wurde de minsken folwoeksen en akseptearje eltsenien. As der gjin oandacht oan skonken wurdt, ferdwynt it sa wer. Hiel foarsichtich en soarchsum moatte jo froulju meinimme. Sy binne samar fan it sintrum en wurde lulk. Alles wat frjemd is moat oanpakt wurde tinke de minsken noch altiten. Dat sit al hûnderttûzen jier yn ‘e tinsen, dat is gefaar. Dat feroaret net samar by minsken, foaral net by dy’t it foar it sizzen miene te hawwen.


  2. Erwin2.0
    3 juny 2012 08:41

    Bêste Johannes,

    Do makkest dy yn it foarste plak drok om de útfierders fan de wet, en dat der in groep is tsjin de rjochtsteat en alles wat mei frijheid te krijen hat, dêr skriuwst net oer. Net bêst….

Mei mooglik makke troch Ynternetburo Haboes