Algemiene betingsten

Algemien

  • De hiemside itnijs.nl sil mei grutte soarch opboud en ûnderholden wurde. Dochs kinne oan de ynhâld fan de nijshiemside gjin rjochten ûntliend wurde en kin gjin oanspraak makke wurde op de krektens en folsleinens fan de ynhâld.
  • De Ried fan de Fryske Beweging is net ferantwurdlik foar wurden/ teksten dy’t op de hiemside komme.
  • De Ried fan de Fryske Beweging is net oanspraaklik foar hokfoar skea ek mar gearhingjend mei de hiemside itnijs.nl

Besiker

  • De besiker is ferantwurdlik foar it gebrûk fan de itnijs.nl hiemside en sil de ynformaasje sels op krektens en folsleinens hifkje moatte.
  • Wannear’t in brûker/ besiker dielnimt oan in diskusje of in oare mooglikheid om te reagearjen op de hiemside, dan is it net tastien om teksten en of ôfbyldings te brûken dy’t oaren (seksueel) yntimidearjend of beledigjend fine. Mochten brûkers minsken yn harren eare oantaaste, dan sille de persoanlike bysûnderheden beskikber steld wurde oan de autoriteiten. Itnijs.nl kin altyd bydragen ferwiderje.

Frijwilliger

  • De Ried fan de Fryske Beweging is net ferantwurdlik foar wurden/ teksten dy’t op de hiemside komme.
  • Wurden/ teksten dy’t in frijwilliger op de hiemside pleatst, kinne sûnder berjocht fan de hiemside ôfhelle of feroare wurde.
  • Wurden/ teksten dy’t in frijwilliger op de hiemside pleatst en dy’t yntimidearjend of misledigjend binne of op in oare wize de earberens fan minsken oantaast, wurde net tolerearre.  Der sil dan kontakt opnommen wurde mei de autoriteiten.
Realisaasje: Pronamic