de flambou 3

De Flambou Easterbierrum trijetalich

snein 20 maaie 2012

Feest yn Easterbierrum. Kommende tongersdei (24 maaie) kriget CBS De Flambou fan dat doarp it sertifikaat ‘Trijetalige skoalle’. Sûnt skoaljier 2010/2011 wurdt dêr al oan wurke. Sa is der in ‘native speaker’ Ingelsk en krije learlingen [...]

Lês fierder| 3 reaksjes

Tomke Foarleze

Fryske Foarlêswike 4 o/m 8 juny 2012

freed 18 maaie 2012

Foarlêzers op ’en paad mei 18.000 Tomke-boekjes yn de Fryske Foarlêswike! Goed 500 foarlêzers sille fan 4 o/m 8 juny rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan sa’n 12.000 pjutten. It Tomke-projekt stimulearret it lêzen en foarlêzen yn [...]

Lês fierder| 0 reaksjes

Demonstranten yn Santiago de Compostela fan 'e middei.

Demonstraasje foar it Galisysk

tongersdei 17 maaie 2012

SANTIAGO DE COMPOSTELA – In demonstraasje tsjin de efterstelling fan it Galisysk yn Santiago de Compostela hat hjoed tûzenen minsken lutsen. Hja demonstrearje tsjin it belied fan it Galisyske regear, dat it Spaansk as offisjele taal [...]

Lês fierder| 0 reaksjes

baskysk

Eineksamen yn it Baskysk

tongersdei 17 maaie 2012

SENPERE / SAINT-PÉE-SUR-NIVELLE – De tsientûzenen besikers fan in festival yn Noard-Baskelân wiene de earsten dy’t it hearden: skoaljeugd op Baskysktalige skoallen yn it noardlike (Frânske) part fan Baskelân meie in part fan har eineksamen tenei [...]

Lês fierder| 0 reaksjes

bistenammen

Knien en mieghummel

tongersdei 17 maaie 2012

It Huus van de Taol yn Beilen ferkeapet no ek kreaze mokken mei bistenammen yn it Drintske Nedersaksysk derop. Sjoch de neikommende foto. Klik hjir foar mear ynformaasje.

Lês fierder| 6 reaksjes

Taalbaas fryske taal fryslan 2

Malgum

tiisdei 15 maaie 2012

Wa’t wolris op Flylân west hat komt yn de buert fan it “Posthuys” de namme Malgum tsjin: De namme liket op in Fryske plaknamme op –um: in kombinaasje fan in persoansnamme mei –heem (= hiem). Is [...]

Lês fierder| 0 reaksjes

lift

Fryskpratende liften yn Provinsjehûs

moandei 14 maaie 2012

LJOUWERT – De fjouwer liften yn it provinsjehûs yn Ljouwert prate fan moandei ôf Frysk. Minsken dy’t de lift brûke, hearre yn it Frysk op hokker ferdjipping se binne. De Fryske liften binne in winsk fan [...]

Lês fierder| 1 reaksje

Skriuwmasine

Oprop FeRstival 2012

snein 13 maaie 2012

Bêste dichters / skriuwers It FeRstival – de foardrachtswedstryd foar learlingen út it fuortsetûnderwiis – belibbet fan’t jier de 70ste edysje. Wat in tradysje! It Frysk is hip, cool… (of watfoar wurden ek mar brûkt wurde), [...]

Lês fierder| 0 reaksjes

André Looijenga

Looijenga wint Frysk Diktee jitris

tongersdei 10 maaie 2012

LJOUWERT – André Looijenga fan Grins is de winner wurden fan it Grut Frysk Diktee 2012. Hy hie fjouwer flaters. Twa jier lyn wie Looijenga ek de winner. It diktee wie dit jier skreaun troch kabaretier [...]

Lês fierder| 2 reaksjes

Rasjoneel

Memmetaal en rasjonele beslissings

woansdei 9 maaie 2012

Minsken nimme rasjonelere beslissings as se der yn in oare taal as harren memmetaal oer neitinke, sa docht bliken. As men ear’t men in beslissing nimt, neitinkt, dan wurdt dat tinkproses en dus de beslissing – [...]

Lês fierder| 0 reaksjes

Taalprof

Taalprof út ‘e kast

tiisdei 8 maaie 2012

Sûnt 2006 jout de Taalprof op syn weblog advys en ynformaasje oer taal. It is ien fan de populêrste Nederlânsktalige weblogs en it is nominearre foar ferskate prizen, lykas de BOB. De Taalprof skriuwt anonym en [...]

Lês fierder| 1 reaksje

Witaj

Sorbysk-Dútsk twatalich ûnderwiis faai

tiisdei 8 maaie 2012

CHOSÉBUZ / COTTBUS – Twatalich ûnderwiis yn de earste klassen fan Sorbyske basisskoallen moat ferfalle. Dat is it plan fan it ministearje fan ûnderwiis yn de Dútske dielsteat Brandenburch. Op it stuit binne der yn de [...]

Lês fierder| 1 reaksje

GoogleFrysk

Google yn it Frysk

moandei 7 maaie 2012

Dy fûn ik tafallich en ik wit net oft er al bekend wie. Sykje op Google nei “Google Frysk” en klik op’e earste ferbining, d.i. a href=”http://www.google.com/webhp?hl=fy En dêr is er al! Pyt

Lês fierder| 3 reaksjes

indianen

Ktunaxa meitsje iPhone-app fan stjerrende taal

moandei 7 maaie 2012

De Ktunaxa-yndianen, dy’t yn Kanada libje, prate in útsûnderlike taal. It Ktunaxa is oan gjin inkele oare  taal besibbe. De taal driget út te stjerren omdat der noch mar 17 (benammen âldere) minsken libje dy’t Ktunaxa [...]

Lês fierder| 0 reaksjes

Kienderbiebel

Bernebibel yn it Grinslânsk

snein 6 maaie 2012

GRINS – Fan ‘t hjerstmis ferskynt de Kinderbiebel, in bernebibel yn it Grinslanner Nedersaksysk. It Grinzer boek befettet 280 siden mei bibelferhalen, koart en yn rjocht en sljochte taal ferteld foar bern fan fjouwer oant sân jier [...]

Lês fierder| 1 reaksje

Realisaasje: Pronamic